Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Foppe bedankt


Foppe bedankt (2004)

Stadichoan kaam it nijs oan 't ljocht dat Foppe de Haan dit jier ophâld as trainer fan SC Heerenveen. Foppe, in gewoan man dy't in protte betsjut hat foar syn klup. Mar ek de langstsittende trainer yn it betelle fuotbal oant no ta. By ien fan de optredens fan Griet waard frege oft Griet Wiersma net in ôfskiedsliet meitsje koe. Dit nûmer is yn oerlis mei Riemer en Annie van der Velde skreaun. Dêrneist fine jim op dizze skiif ek it nûmer oer de Superfriezen dat gauris fan de tribune klinkt. In oersetting fan You never walk alone yn it Frysk en in oade oan Fryslân meitsje it feest kompleet.

1 Foppe bedankt - Griet Wiersma
2 Super-Friezen - Griet Wiersma
3 Nea wer allinnich - Griet Wiersma
4 Fryslân myn heitelân - Griet Wiersma